Mijn Energie VanOns

Kies jouw type energiecontract Regulier Dynamische energie
Nieuws • 28 april 2024

In moaie "EKA Linebeam" foar Aldeboarn

Ein maart is tusken de Skânsstrjitte en de Boarn in moaie Linebeam (Tilia platyphyllos) plante. Dit is in ferfangende beam foar ien dy’t yn 2022 omseage is, omdat dy tefolle skaad joech. Dizze beam stiet by TOP, yn it gebied dêr’t hooplik in natuerpaad komme sil. Goan linebeammen litte simmerdeis drippen klibbersguod falle, mar dat docht dizze soarte gelokkich net.

Eartiids stienen by Aldeboarn fêst in protte linebeammen. Aldeboarn wie ommers in echt bakkersdoarp, as ik it goed begrepen haw, wienen der op in stuit wol 10 bakkers yn it doarp. De oven waard mei hout stookt, it alderleafste mei linehout omdat dat hast gjin reek jout. Dan waard de bôle it lekkerste.

De beam is oankocht troch de EKA en plante troch de gemeente, dy sille ek it ûnderhâld dwaan.